Hea! fan 17 juny 2015 18:20

Kapster Esther Bouma seach in pear jier lyn yn Hea! in reportaazje oer de 88-jierrige kapper Nip fan Appelskea. En se wie fuort fereale op syn kapsalon, der't alles noch by it âlde wie. Nei de dea fan Nip krige Esther syn hiele kappers-ynventaris. En oan de Vijzelstrjitte yn Ljouwert boude se alles wer op, presys sa't it by Nip ek wie. By de Barbier fan Weleer binne allinnich manlju wolkom. Sa wie dat ek by Nip.

En Hea! seit Goeie tsjin Marten en Fenna yn Ryptsjerk.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)