Hea! fan 17 july 2013

Foarich jier wie Hea! al ris op besite by Corrie Gedaan, de toiletjuffer fan De Lemmer. Corrie siet dêrnei ek yn DWDD en yn de 25 meast hilaryske tv-mominten. Lakerige Corrie kin it goed pratende hâlde, en ek ditkear sit Corrie net om in wurdsje ferlegen.

En út it Hea! argyf in Goeie! fan 12 april 2013.
Yn Goeie! binne we yn Raard by in frou dy't it eins net oan tiid hat om mei ús te praten. En prate kin se eins ek net.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)