Hea! fan 17 jannewaris 2017 17:35

Op it gemeentehûs fan Dantumadiel yn Damwâld wurket al jierren in ploech minsken mei in ferstanlike beheining. Se runne de kantine, folje de kofjeautomaten by, hâlde de tafels skjin. En dat alles nei folle tefredenens fan elkenien. Gepke hat dêrby wol in hiel bysûnder putsje: sy poetst it amtsketting fan boargemaster Sicko Heldoorn.

En in skiep fan de famylje De Boer fan Aldetrine krige fan 'e wike mar leafst fiif lamkes.

Gemeentehûs Damwâld

Se dogge fan alles op it gemeentehûs fan Dantumadiel: kofje sette, tafels poetse, papier byfolje... en, se beheare de kantine. En, se fine it moai wurk, de minsken fan Talant dy't harren deibesteging yn Damwâld ha. Sels it amtsketting fan de boargemaster wurdt poetst.

Skieppefyfling

By de famylje De Boer yn Aldetrine hat in skiep in bysûndere prestaasje levere: mar leafst fiif sûne lamkes kamen dêr fan 'e wike op'e wrâld.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)