Hea! fan 17 desimber 2019 17:20

Mei Fryske muzyk op de radio wurkje se noch hurder: timmerlju Scholte Zwalua en Arjen Hofman hâlde fan meisjonge mei Frysktalige nûmers. Omrop Fryslân radio stiet altyd oan op it bouplak. 'De mem fan Doutzen' en Hoantsje op de toer' binne favoriten en 'It Woanskip' mei dit jier wol op nûmer 1 yn de Fryske top 100 fine de mannen. 

Nei mear as 100 jier en trije generaasjes hâldt sliperij Jorna yn Ljouwert der mei op. Der is gjin opfolging foar it bedriuw oan de Westersingel. Jorna wie al dy tiid it plak dêr't je wêze moasten mei stompe messen, skjirren of skearapparaten. 

Sjongende boufakkers

Timmerlju Scholte Zwalua en Arjen Hofman ha Fryske muzyk by it wurk oan. 

Jorna's fynsliperij

Sliperij Jorna hâldt nei mear as 100 jier op te bestean. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)