Hea! fan 17 desimber 2018 17:35

Mear as 10 jier hat it stillein, mar no is it tiid foar in comeback! It duo De Holy Brothers sil wer sjonge. De 'brothers' binne dûmny Gerrit Groeneveld en pastoar Henk Nota fan St.Nyk. Yn 2001 treden se foar it earst tegearre op yn in jeugdtsjinst en dat wie in grut súkses. Meardere optredens folgen, oant sels de lânlike tillefyzje ta. Dêrnei waard it in skoftsje stil, no pakke de mannen de gitaar en de mikrofoan wer op. 

Mar leafst 60 jier hat Johan Outhuijse fan Harns yn de hoareka sitten. As jonkje fan 15 jier begûn er al by Van der Valk. Ein desimber wurdt Outhuijse 75 jier en it jubileum sil dan fierd wurde. Ek al hat it drokke hoarekalibben de Harnzer twa houliken koste, hy wol er noch net mei ophâlde. Outhuijse wurket no yn kultureel sintrum Trebol, mar dat giet ticht. Hy tinkt lykwols dat hy wol wer oar wurk fine sil. 

Holy Brothers

De sjongende pastoar en dûmny Nota en Groeneveld fan St. Nyk. 

60 jier hoareka

Johan Outhuijse fan Harns sit al 60 jier yn it hoareka-fak. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)