Hea! fan 17 april 2019 17:35

It giet foaral om de spanning, dy't Sietse en Tim fiele, at se harren grutte magneten yn de Ljouwerter grêften smite. Want wat sille se der diskear allegear útlûke? Faak binne it fytsen, mar der komme ek wol oare skatten boppe wetter. En nei 35 jier hâldt depothâldster Rinske Bonnema fan Nijlân ein dit jier op mei it sammeljen fan klean foar it goeie doel Dorcas. It sortearjen fan klean wurdt te swier foar har hannen, dochs hat se hat it wurk altyd mei in soad leafde dien. 

Magneetfiskje mei Sietse en Tim

Sietse Keekstra (15) en Tim de Raad (11) kenne inoar fan it magneetfiskjen. Se hawwe inoar troffen by de Ljouwerter grêften, dêr't se net allinnich fytsen, mar ek oare pronkjes út it wetter tsjûne.

35 jier yn it spier foar Dorcas

Goed dwaan foar minsken dy't it minder goed hawwe. Dat is de driuwfear fan Rinske Bonnema om klean te sammeljen foar Dorcas. "Ut leafde foar de Hear."

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)