Hea! fan 17 april 2018 17:35

As lyts jonkje al wist Henk Bron fan Drachten alles fan Rivella. Syn heit wurke as sjauffeur op it Rivella-fabryk yn Wolvegea. Troch de jierren hinne hat hy fan alles sammele dat mei it frisdrankje te krijen hat. Yn de Oudheidkamer Weststellingwerf eksposearret Bron syn grutte kolleksje no. 

De njoggen-jierrige Sjoerd fan Ternaard woe altyd al graach hintsjes ha. Syn mem regele in briedmasine en aaien en no hat Sjoerd in tal pykjes. Hy hat it der mar drok mei: om de pear oeren moatte de piken skjin wetter en iten ha. 

Rivella

De Rivella-sammeling fan Henk Bron fan Drachten. 

Pykjes

De hinnepykjes fan Sjoerd (9 jier) út Ternaard. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)