Hea! fan 17 april 2015 18:20

Sloeproeiferiening Okke Hel hat syn earste jeugdteams! Se binne allegear superentûsjast en traine keihurd mei syn allen. Foarich jier betochten in pear jonge froulju dat se lyk as de senioaren ek sloeproeie woene. De groep groeit noch hieltyd en ynkoarten ha se harren earste wedstryd.

Yntusken is hy de tel kwyt. Martin Winselaar makket âld Hollânske spultsjes foar folwoeksenen en ferhiert se. Jierren lyn moasten se foar it Oranje Komitee soksoarte spultsjes hiere, ophelje en wer werom bringe. Martin, soan fan in meubelmakker, tocht...dat kin ik sels ek wol meitsje...en yntusken stiet de teller al op oer de hûndert.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)