Hea! fan 16 septimber 2013

By it doarpsfeest fan Ferwert dienen foar it earst de bewenners fan soarchsintrum Foswert mei oan de optocht. In spesjale wein lutsen troch in hynder hie as titel 'de babyboomers'.
De bejaarde froulju út Foswert sieten ynienen as wienen se yn ferwachting op 'e wein.En mei in soad wille.

Yn Goeie! komt de Hea! ferslachjouwer ta ûntdekking dat der ek biljerten foar froulju bestiet.

En út it Hea! argyf: Gerrit Terbraak fan Boalsert hat mear as 25 jier it âld papier ophelle. Oeral en nergens en alle dagen seagen je Terbraak op syn fyts ûnderweis mei it âld papier. Mar no moat it mar dien wêze, want thús is der ek wol wat te dwaan. In pear adreskes bliuwe der noch wol oer, want hielendal sûnder kin Terbraak no ek wer net.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)