Hea! fan 16 oktober 2019 17:20

HEA! komt hast nea bûten de provinsjegrinzen fan Fryslân, mar foar Fries om utens Ruth Batterink meitsje wy in útsûndering. Se wennet yn Grins en is mei har, lyk as mar in pear oare minsken yn Nederlân, teesommelier neame. En HEA! seit Goeie! yn Terwispel. Dêr ferkeapet Martin Looijen walnuten oan 'e dyk. Walnuten fan eigen tún. 

Ruth Batterink is in echte teeleut

As keunsthistoarika ferdjippe teesommelier Ruth Batterink har foar oplieding yn de rol fan tee yn de keunst. Ruth har sfearfolle hûs azemet echt in sfear fan tee: mei leuk teepotsjes en in hiel bysûnder kop-en-pantsje fan har oerpake en -beppe.

Walnuten út eigen tún

Twa euro foar in pûdsje walnuten út de tún fan Martin Looijen. Gjin jild, dochs nimme guon minsken de nuten soms mei sûnder te beteljen. Martin fynt dat ferfelend en hat der dêrom ek mar in befeiligingskamera byhongen.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)