Hea! fan 16 oktober 2018 17:35

Mei syn Shetlandponies hellet hy op keuringen alle prizen binnen. Wybe Adema fan Earnewâld is hast fulltime mei syn bistjes dwaande. Mei spanning sjocht er út nei it NK yn Lunteren ein oktober, dêr't hy ek oan meidwaan sil. 

De froulju fan breidkafee De Steek fan Hurdegaryp binne al tsien jier dwaande. Al hiel wat breidwurk is der yn dy jierren foar it goeie doel ferkocht. Mar de geselligens fan meielkoar dwaande wêze, is minstens sa belangryk. 

Shetland ponies

De kampioensponies fan Wybe Adema fan Earnewâld. 

Breidkafee

Breidkafee De Steek fan Hurdegaryp bestiet 10 jier. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)