Hea! fan 16 oktober 2017 17:35

'Lytse' Auke van der Zweep fan Wergea kin hast alles mei in motor noch reparearje. Hy is al 82 jier, mar noch alle dagen yn syn hok dwaande mei reparaasjeputsjes. En dat docht er al hiel wat jierren, want Van der Zweep gie al mei syn 14de fan skoalle en foar in baas oan 't wurk.
Yn Readtsjerk stiet in hiele âlde hage yn in bysûndere foarm by in pleats. Kris Elzinga hat der in aardich putsje oan om him te snoeien en yn foarm te hâlden.

Alde monteur

Auke van der Zweep (82) fan Wergea kin hast alles mei in motor wer meitsje. 

Hage snoeie

Kris Elzinga snoeit in hage yn Readtsjerk mei in bysûndere foarm. 

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)