HEA! fan 16 novimber 2021 17:15

Ukkepukkefuotbal neame se it. By fuotbalferiening Blauw Wit '34 fan Ljouwert kinne ek de allerlytsten lekker achter in bal oan drave. Yn de seal dogge de pjutten en beukers oefeninkjes op muzyk ûnder begelieding fan in heit of mem. It giet foaral om it bewegen en der aardichheid oan krije. Mar guon âlders dreame stikem ek al fan in grutte fuotbalkarjêre foar harren soan of dochter. 

Buorlju Pietje Dijkstra en Gerard Steenwinkel út Moarre meitsje in praatsje yn de tún. Steenwinkel hat it hûs te keap, want hy ferhuzet nei Wanneperveen yn Oerisel. Hy hie wol bliuwe wollen, mar syn freondinne wol net by him yn Moarre wenje, te kâld en te folle wyn. Foar buorfrou Dijkstra is it no mar wer ôfwachtsjen wa't der neist har komt te wenjen. 

Ukkepukkefuotbal

Fuotbal foar pjutten en beukers by fuotbalferiening Blauw Wit '34. 

Buorlju yn Moarre

Buorlju Pietsje Dijkstra en Gerard Steenwinkel út Moarre ha efkes in praatsje. Steenwinkel hat it hûs te keap want hy sil ferhúzje nei Oerisel. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)