Hea! fan 16 maart 2013

Gerjan Dekkema fan Kollum komt al hiel lang op it eilân Amelân mei fakânsje. Mear as 17 jier hat hy dêr skulpen sammele en oare dingen dy't je op sa'n eilân tsjinkomme. Dizze hiele samling hat hy ek moai útstald.

Op in 17 meter lange 'catwalk' stean yn museum Martena yn Frjentsjer fan dit wykein ôf allegear bysûndere figueren en weinen. Se binne makke troch twa keunstners, Peter Hiemstra en Henk Slomp. Doe't se drok dwaande wienen om alles klear te meitsjen foar de tentoanstelling kaam in skoalklasse foarby yn it museum. Wat fine sy eins fan dizze bysûndere karavaan.
(foar mear ynformaasje sjoch www.museummartena.nl)

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)