Hea! fan 16 maaie 2019 17:35

Om ek yn it winterskoft wat te dwaan te hawwen foar de leden, betocht Edze Postma fan sylferiening AWS Eendracht fan Akkrum in kompetysje mei radiografysk bestjoerbere boatsjes. In súkses, al 70 leden ha yntusken sa'n Dragon Force-boatsje oanskaft. En sa wurdt der geregeld fanatyk striden mei de lytse skipkes. 

De mannen fan de Jeu de Boules-klup fan Warten passe goed op harren baan. Geregeld wurdt der skoffele, oanfage en opromme. Se binne dan ek hiel grutsk op harren 'wedstriidarena'. Dy wie der nammentlik earder as dy fan buordoarp Wergea.

Dragon Force yn Akkrum

By de Akkrumer sylferiening kinne fearn wurde mei radiografyske boatsjes. 

Jeu de Boules yn Warten

De ûnderhâldsploech fan de Jeu de Boules-baan yn Warten. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)