Hea! fan 16 juny 2014 17:40

It wie wetter, wetter en nochris wetter yn Hurdegaryp en de bern fûnen it prachtich! Yn it ramt fan de Buitenspeeldag fan Jantje Beton organisearre Kinderwerk Hurdegaryp in wetterspektakel mei ûnder oaren in bûkglydbaan, wettergefjochten, eintsjes fange en in sjippe-baan.

En út it Hea!-argyf in herhelling fan begjin dit jier. Yn de measte tunen stean blommen of planten, mar by Evert en Peter stiet in rôze Cadillac yn de tún.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)