Hea! fan 16 jannewaris 2019 17:35

It is in bysûnder tafriel as je by Aize Soeten út Nijskoat op it hiem komme. Nei de training lit er syn hynders efter de oanhingwein fan syn auto útdrave. Lange tiid hat er syn hobby lizze litten, doe't syn sportmaat Tjitse Smeding (mearfâldich Nederlânsk kampioen) weirekke. De lêste jierren is Aize wer aktyf mei de hynders, mar dêr hat foaral syn nije leafde in grutte rol yn spile.

Arie de Jong is havenmaster yn Twellingea. Syn hiele haven leit fol mei grutte motorjachten en sylskippen. Sels hâldt er mear fan in beskieden skipke. Hy boude de lêste jierren sa'n tritich miniatuerskipkes, dy't ek farre kinne.

Dravers fan Aize Soeten

De hynders fan Aize Soeten drave net foar in wein, mar derefter...

Havenmaster mei miniskipkes

Jierrenlang fear Arie de Jong yn de binnenfeart, mar no is er kaptein fan in miniskipke. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)