Hea! fan 16 jannewaris 2018 17:35

Wolter Zwart is 70 jier en in drok baaske. Hy is as frijwilliger al jierrenlang belutsen by Thialf, it hurdfytsen en  SC Hearrenfean. By Thialf is hy al 49 jier en stekt der in soad tiid yn. Hy stjoert dêr de frijwilligersploech oan en is by grutte eveneminten gau 70 oeren yn de wike fan hûs. Wolter is foarearst noch net fan doel om der mei op te hâlden en gelokkich binne se thús ek gek fan it reedriden.

It binne moaie dagen foar de bûtentsjinst fan Easterwâlde, want it is krekt efkes oars as oars. De krystbeammen binne by alle ynwenners no de doar wol wer út en wurde ophelle. Oars fine se se yn it hiele doarp wer werom. Heiten en memmen kinne se by de mannen bringe en de bern krije per beam € 0,50. Dat leveret somtiden moai wat op. 

Super-frijwilliger Thialf

Wolter Zwart is in drok baaske.

Krystbeammen ophelje

De bûtentsjinst fan Easterwâlde hellet de krystbeammen op.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)