Hea! fan 16 jannewaris 2017 17:35

    Tsjalling de Boer fan Sint-Jânsgea is de foarbringer fan sa'n tsien dekhynsten op de Fryske hynstekeuring. Hy rint foar meardere stâlen. Dit is dé dei fan it jier foar Tsjalling. It hiele jier wurket hy hjir nei ta. De adrenaline jaget him dan ek troch it liif.
    En de hiele hynstekeuring folget Hea! de publyksleaveling Jasper 366 en syn eigeners, de famylje Wijma fan Jislum. It slagget Jasper 366 ek dizze kear wer om de 7000 man publyk op 'e banken te krijen.

    Foarbringer

    Foarbringer Tsjalling de Boer op de hynstekeuring.

    De dei fan Jasper 366

    De hynstekeuring troch de eagen fan de eigeners fan Jasper 366.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)