Hea! fan 16 jannewaris 2012

It skipfeartmuseum yn Snits hat in eigen 'poetser'. Frou Hillie Wymenga mei dan wol op jierren wêze, mar fanatyk is se noch wol! Alle wiken komt se nei it museum om dêr it sulver en koper te poetsen. En dat al mear as 20 jier.

En Theo en Oetie de Vries fan de Etos yn Snits hawwe de doar fan 'e winkel achter harren tichtlutsen. Se hawwe al mear as 40 jier tegearre oan it wurk west, en sille dat ek wol misse. Mar ek is der wol wat om nei út te sjen.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)