Hea! fan 16 febrewaris 2017 17:35

It kin gefaarlik wêze, der wurdt stunten en showd, mar it is echt fet leuk !!! It frouljusteam Frisian Cheer Stars hat him kwalifisearre foar it WK yn Amearika en traint der hurd foar. Salto's, skroeven en goai en smytwurk is dêr't de froulju de kick úthelje...en it is beslist gjin sport foar watjes.

En Sipke Cuperus fan Hallum hâldt fan de rêst. Winters bliuwe hy en syn frou yn Fryslân, mar yn de simmer is it harren hjir fierstente drok. Dan sitte se yn Sweden, dêr't se in húske ha en dêr't se hearlik fiskje kinne.

Frisian Cheer Stars

It Frisian Cheer Start stunt en show-team...seker net foar watjes..

Op syk nei de rêst

Yn de winter yn Fryslân en yn de simmer nei Sweden

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)