Hea! fan 16 febrewaris 2016 18:20

Pieter Ypma fan Bakkerij Heslinga út De Westereen is al 30 jier bakker en kin der mar gjin genôch fan krije. Hy fynt it in geweldich ambacht en fol passy makket hy elke dei wer moaie produkten foar de trije winkels fan Heslinga . Hy hat al twa kear in priis wûn foar de lekkerste en bêste sûkerbôle fan Nederlân.

Wat de legertop fan Amearika net slagge is, dêr sil Alle de Jong fan Burgum wol slagje. Hy is dwaande om in Dodge fan 1943 amfibysk te meitsjen en dat is in knap yngewikkelde klus. Alle is der fan oertsjûge dat er driuwen bliuwt as hy him oer in pear jier te wetter lit.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)