Hea! fan 16 febrewaris 2012

In 'echte' brulloft
As je yn groep 2 fan 'e basisskoalle sitte, en je binne fereale op elkoar, dan wolle je ek trouwe. Dat barde juster yn it 'echt' by twa steltsjes fan De Reinbôge yn Tsjerkwert. Alle klasgenoaten krigen yn it stedhûs fan Boalsert in rol as tsjûge, brulloftsfamke, earebôgedrager, bûltsjeblazer en as ien dy't de trouringen oerjout. In offisjele trouamtner ferbûn de pearen yn 'e echt yn it bywêzen fan famylje en freonen. Nei it ja-wurd wie der limonade en gebak op skoalle.

Goeie! manneploech by brêge
By de brêge yn Warkum stiet in ploechje manlju. Se hawwe it oer sport en de reedriders 't foarbyride. Hearlik yn 'e sinne en yn 'e lijte. Wat wolle jo noch mear.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)