Hea! fan 16 desimber 2019 17:25

Herman Jorna (77) hie oant 2006 in slachterij yn Harns, mar is eins nea echt mei syn fak ophâlden. Slachtsjen docht er net mear, mar foar trouwe klanten makket er noch altyd it fleis ta. En Hea! seit Goeie yn Frjentsjer by de skipswerf dêr't Jelte Toxopeus wurket..en wennet. 

Slachter yn hert en nieren?

Eins dreamde Herman Jorna as Ouwe Seun altyd fan in libben as seeman, mar it lot besleat oars. Hy wurke wol op see, as slachter oan board, mar doe't syn heit earnstich siik waard, keas Jorna dochs foar in libben oan 'e wâl. Al lûkt dy see noch altyd...

Goeie yn Frjentsjer

Toxopeus wurke 30 jier oan syn skip. Hy hat alles kreas foar inoar, mar is der ek noch romte foar in kreas blomke oan board?

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)