Hea! fan 16 desimber 2013 17:40

Jûn yn Hea!
Famylje Poepjes út Ychtenbrêge pakt mei kryst hielendal út. Harren hûs is fan binnen en bûten en fan de flier oant it dak yn it krystljocht setten.

Juf Sita Miedema fan basisskoalle It Fonnemint yn Sint Anne hat in liet skreaun op de melody fan it HEA-liet. De tekst is ôfwikseljend in it Nederlânsk, Biltsk en Frysk. Sawat twahûndert bern fan de skoalle sille it liet sjonge. De tekst hat alles te krijen mei Serious Request, sadwaande dat it 'it shit'-liet hjit. De bern hawwe in sponsorloop dien en dêrmei sawat 3800 euro ophelle. De bern wolle it bedrach oanbiede yn Ljouwert en foarôfgeand it 'shitliet' sjonge.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)