Hea! fan 15 septimber 2020 17:15

Modelskippen meitsje is in hobby dy't wol faker foarkomt. Mar wat Klaas Bovenkamp fan Boyl docht is wol bysûnder. Troch in slim ûngelok yn syn jeugd sjocht de âld-meubelmakker sa goed as neat mear. It wurkjen mei hout en allerhanne masinen docht Klaas no op 'e taast. En hy hat himsels allegearre handichheidsjes oanleard.

Gjin skoalreiske dit jier, mar wol in fette skomparty op it skoalplein. De bern fan kbs De Winde út Hurdegaryp ha dit feestje te tankjen oan in mem fan twa fan de learlingen. Sy die mei oan in aksje op Facebook en wûn de priis: twa oeren in skomkanon ûnder begelieding fan in d.j. mei hippe muzyk.

Bline modelbouwer

Ek al is hy sa goed as blyn, Klaas Bovenkamp fan Boyl makket wol de moaiste houten modelskippen. 

Skomparty

De bern fan kbs De Winde út Hurdegaryp ha in skomparty op it skoalplein. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)