Hea! fan 15 oktober 2020 17:15

Sjolle, Riek en Elske Sinia binne broer en sussen dy't mei elkoar wenje yn it âlderlik hûs yn Wâlterswâld. It is in hecht trio en se kinne goed mei elkoar. Sjolle docht de pleats en fersoarget de bisten, Riek sierd it iten en docht it húshâlden en Elske wekket alles wat der oan fruit en griente te finen is yn harren grutte tún. 

Sjolle, Riek en Elske Sinia

Wenje, libje en wurkje al jierren mei syn trijen op harren pleats yn Wâlterswâld. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)