Hea! fan 15 oktober 2018 17:35

Gerard van der Wijk fan De Harkema begûn sels ea as hobby mei ien skyldpod. Gauris fregen minsken him oft hy harren skyldpod ek hawwe woe, want oars soenen se har bistke loslitte yn 'e sleat. Gerard seit nea 'nee' en dêrtroch hat hy no 1100 skyldpodden omswimmen. Net mear thús yn 'e wenkeamer, mar yn syn eigen skyldpodopfangsintrum.

Razende motoaren en piipjende bannen. Al hast fyftjin jier sykje de 25 manlju fan de Model Auto Club fan Drachten elkoar op om mei inoar te racen mei harren modelauto's. En lyk as by Max Verstappen giet it om hurd, hurder, hurdst.

Gerard en syn 1100 skyldpodden

Gerard van der Wijk seit nea 'nee' tsjin in nij skyldpodsje. It ferhaal efter it skyldpodopfangsintrum fan De Harkema.

Racers fan Model Auto Club Drachten

Hurd, hurder, hurdst. Al binne dizze modelauto's mar lyts, de bestjoerders fan Model Auto Club Drachten litte de lytse raceweintsjes betiden fleane.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)