Hea! fan 15 oktober 2014 18:20

Fjirtich skoalbern út Harns binne mei 5 garnalekotters it Waad op om garnalen te fiskjen. Op de kotters ûnderfine se sels hoe't it libben fan in garnalefisker der útsjocht. En in dei op see is fansels folle leuker as in dei yn it klasselokaal.

It leafst komt hy sa min mooglik yn de supermerk. Want as it efkes kin siket hy syn eigen iten yn de natuer. John Zijlstra is in saneamde wyldplukker. Hast alle dagen is hy op 'e strún yn it bosk nei ûnder oaren beien, nuten, poddestuollen en kastanjes.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)