Hea! fan 15 oktober 2013

Miedema fan Burgum siet op 24 septimber nei Hea! te sjen en hy fûn it prachtich! Yn dy útstjoering boartsje Siebrand, Monze, Jelmer en Siebe Jimte oeren lang op de heasouder. Dêr buorkje se op har eigen 'trekkerlân'. De jonkjes sitte der fol fan! It is har paradys. Miedema fûn de útstjoering sa moai dat hy it beslút naam al syn eigenmakke boartersguodtrekkers oan de jonkjes te jaan. Miedema is al op jierren en hy wol dat syn guod in goed plak krijt. En dus gienen de Aldegeaster jonkjes nei Burgum.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)