Hea! fan 15 novimber 2019 17:20

"De minsken fine my mar gek, mar binnen komme de muorren op my ôf". Jan van Assen fan Feanwâlden kin it yn'e hûs mar min úthâlde. De âld-boufakker sit dêrom eins de hiele dei bûten foar syn hûs oan in picknicktafel. Sa hat hy mei in soad minsken dy't foarby komme kontakt. Moarns betiid begjint hy al bûten mei de kofje.
Fan de Hea!-souder in reportaazje út 2011. De famylje Breimer fan Tsjerkgaast makket de hynders fan Sinteklaas klear foar de yntocht en it wurk op it dak.

De hynders fan Sinteklaas

De famylje Breimer fan Tsjerkgaast past op de hynders fan Sinteklaas (nov. 2011). 

De bûtensitter

Jan van Assen fan Feanwâlden sit it leafst de hiele dei bûten. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)