Hea! fan 15 maart 2012

Kreamkeamer foar skiep
Dieuwke Jagersma fan Aldegea (SWF) hat kreamhelp by minsken thús west. Se hat no in eigen kreamsintrum mei skiep. Op it stuit stean wer in protte lamkes op stâl. It wurk komt har dus allegear wol wat bekend foar.
 
In eigen ferhaal yn foto's
Learlingen fan basisskoalle De Fontein yn Damwâld dogge mei oan it projekt Boeksterren. De bern betinke in ferhaal en spylje dêr sels in rol yn. Yn ferklaaiklean komme se op 'e foto en sa ûntstiet in boek.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)