Hea! fan 15 maaie 2019 17:35

De bern fan groep 4 fan CBS Nijdjip yn Grou hawwe bysûndere besite. Hûn Fufan en syn baaske Bob de Jong jouwe Snuffelkolleezje. Yn de les leare de learlingen hoe't se derefter komme kinne oft dy leuke hûn yn it park wol mei harren krûpe wol. Leafhawwers fan Dútske Herders koenen sneon genietsje fan demonstraasjes mei hûnen of harren hûn medysk tsjekke litte.

Snuffelkolleezje fan hûn Fufan

Yn it Snuffelkolleezje komt ek oan bar hoe't je Fufan eins brokjes jaan moatte, en...hoe't je hûnekeutels mei in pûdsje oppakke moatte.

Gek fan Dútske Herders

Ien fan de oanwêzigen is Harry Kooistra, dy't al sûnt lyts jonkje it Dútske Herdershûn-firus hat. Thús hienen se eartiids ek in Herder. Doe't er yn dy tiid tsjin syn âlden sei dat hy der mei fokke woe, sei syn mem: "Hartstikke moai, mar net hjir". Dus doe't Harry op himsels gie, wie it earste stik húsrie dat er oanskafte...in Dútske Herder.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)