Hea! fan 15 maaie 2017 17:35

    Rixt en har suske Marrit út Menaam ha in bysûnder skiep. De raam Maxis soe eins fuort nei de slachter, mar dêr stuts Rixt in stokje foar. No is Maxis 2 jier âld. De famkes geane geregeld mei him te kuierjen en ha him sels keunstkes leard.
    De brommerklup fan Twizel bestiet 10 jier. Alle tongersdeitejûnen tuffe de leden troch de omjouwing foar in moaie tocht, mei ûnderweis kofjedrinken. Somtiden mei wol 60 brommers tagelyk. Mar se neame harren sels frije jonges, se wolle net offisjeel registreard stean as feriening.

    Raam Maxis

    Rixt út Menaam en har bysûndere skiep Maxis.

    De brommerklub fan Twizel

    Alle tongersdeitejûnen toere de leden fan de brommerklub Twizel troch de wide omjouwing.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)