Hea! fan 15 maaie 2015 18:20

Dagmar, Simon en Wessel hawwe it allegearre sels betocht. By de bakwedstryd 'Hiel de Pôlle bakt', mochten alle bern fan OBS De Pôlle harren bêst dwaan om de moaiste en lekkerste taart te bakken. Bakker Tonny Overdiep hat tegearre mei de organisaasje de winner útkeazen.

Sineeske timpels, boeddhas en bamboehutten. Dy binne allegearre te finen yn Gau op muzykfestival 'Play' dat dizze kear yn it teken stiet fan de Aziatyske lannen. Kornelis Punter organisearret it mei in soad frijwilligers en alles yn dizze moaie idyllyske tún is makke fan ôffalmateriaal...

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)