Hea! fan 15 juny 2017 17:35

    Al mear as 50 jier is Nel Veldkamp fan Snits frijwilliger. 'Moeke Nel' is in begryp yn de wyk Noorderhoek en hat koartlyn de titel Waterpoorter fan har eigen stêd krigen. Nel fynt dat bern bûten boartsje moatte en dan foaral meielkoar. Hjoed hat Nel mei har frijwilligersteam in bûtenboartersdei organisearre. De tankberens fan de bern, dat is wêr't se it foar docht.

    Jûn de lêste Hea! fan it seizoen 2016-'17. Fan moandei ôf kinne jo sjen nei de leukste, moaiste en grappigste reportaazjes fan it ôfrûne jier...In moaie simmer tawinske fan team Hea!. Begjin septimber binne we der wer mei farsk Hea!

    Moeke Nel fan de Noorderhoek

    Bûtenboartersdei yn Snits

    HEA op fakânsje

    Hea! yn de simmerstemming

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)