Hea! fan 15 jannewaris 2019 17:35

In puzzel fan in pear hûndert stikjes is foar Aukje Ferwerda út Drachten al lang gjin útdaging mear. Aukje is in echte puzzel-fanaat dy't graach útdagings oan giet. De foar koart grutste puzzel fan de wrâld fan mar leafst 33.600 stikjes hat se al ynelkoar set. Mar wêr litte je sa'n enoarm puzzelwurk fan 5.70 meter breed en 1.75 meter heech? Aukje behinget ien wand fan har wenkeamer der mei. En in noch gruttere puzzel leit no al wer op har te wachtsjen. 

Foar Roel van der Molen is der mar ien biermerk: Heineken. De Drachtster sparret der alles fan: glêzen, filtsjes, fleskes, iepeners, posters, ljochtreklame, neam it mar op. Syn garaazje is sa stadichoan in soarte fan Heineken-museum wurden, kompleet mei bar en taapkast. It leafst soe Roel syn eigen kafee begjinne, fansels mei syn kolleksje der yn útstald. 

Puzzel-fanaat

Aukje Ferwerda fan Drachten makket de grutste puzzels fan de wrâld. 

Heinekenmuseum

Roel van der Molen sparret alles dat mei biermerk Heineken te krijen hat. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)