Hea! fan 15 febrewaris 2018 17:35

It 120 jier âlde tsjerkje fan Nijemardum wurdt hielendal fernijd. It folsleine ynterieur wurdt fernijd en sa oanpast dat der tenei fan allerhande aktiviteiten mooglik binne. De âlde ynboel wurdt feild. Foar kostersechtpear Luinenburg bêst in emosjoneel momint, 45 jier ha se op it tsjerkje past. Mar sels ha se gjin belangstelling foar de âlde tsjerkebanken: se sitte net lekker... 

Kninen, hinnen, skiep, kavia's. Op de deibesteging fan 't Zuider Stee yn Drachten ha se al hiel wat bisten. Mar noch gjin kealtsjes. In boer út de buert stelt no twa kealtsjes beskikber dêr't de kliïnten tenei op passe meie. As de bisten grut binne, geane se wer nei de boer werom en komme der twa nije kealtsjes foar yn 't plak. 

Kealtsjes

Twa nije bewenners foar de deibesteging fan 't Zuider Stee yn Drachten. 

Tsjerkefeiling

De feiling fan it ynterieur fan de tsjerke fan Nijemardum. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)