Hea! fan 15 febrewaris 2017 17:35

    Renzo Boersma út Frjentsjer wol in moai en grut lichem. En dêr hat hy alles foar oer. Sa begjint hy de dei mei Brinta, want in echte bodybuilder kin net sûnder Brinta seit er sels. Hast alle dagen hinget hy yn 'e apparaten yn it krêfthonk en in jier lang traint hy foar fiif minuten op it poadium. Ferline jier helle Renzo in grutte priis op in wichtich bodybuild- en krêftsportevenemint yn 'e Benelúks. En dit jier wol hy wer heger einigje.

    Gerlof Eringa wie tolve jier doe't er troch syn heit efter it tsjerke-oargel set waard. De organist wie siik en doe moast Gerlof mar spylje. Hy hie noch nea efter it tsjerke-oargel sitten. No, sechstich jier letter, nimt Eringa ôfskied as organist fan de tsjerke fan Spannum.

    Bodybuilder

    Renzo Boersma stiet op it poadium mei allinich in string oan. Op syn lichem sit brúne ferve.

    Organist Gerlof Eringa

    De oargenist fan 'e tsjerke fan Spannum, Gerlof Eringa, spilet syn lêste Radetskymars.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)