Hea! fan 15 desimber 2020 17:15

Chantal Schaper is fersoargende yn Wensoarchsintrum Sint Theresia op 'e Jouwer. Thús hat Chantal ponnys en se hat mei de aktiviteitenkommisje oerlein of it ek leuk wêze soe om ien fan har pons ris mei te nimmen nei it fersoargingshûs. Dat hat se dien en dat falt hiel goed by de bewenners. Se fine it geweldich en wat as in grapke begûn, blykt no in grut sukses.

Meike Nienhuis fan Grou hat in tik. Se is hielendal sljocht fan âld krystguod. Se is allang mei pensjoen, mar hat yn Grou in lyts winkeltsje mei vintage krystguod. Se fynt it it allerleukst om it te sykjen en te finen. Hoe âlder, hoe leuker. Se hat in beamke fan guozzefearren dat 130 jier âld is, mar ek allegear moaie krystballen en oar krystguod fan sa mar 70 jier âld.

Pony Daisy op besite.

Chantal Schaper bringt sa no en dan har pony Daisy mei nei de âlderein fan wensoarchsintrum wensoarchsintrum Sint Theresia.

Ald krystguod yn Grou

Meike Nienhuis har yn Grou in winkeltsje yn vintage krystguod. It sykjen en finen fynt se it allerleukst. 

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)