Hea! fan 15 desimber 2011

Kryststikjes meitsje mei tante Lies
Foar de 20ste kear komme de susters en tantesizzers fan Lies Schotanus nei Harich om ûnder lieding fan tante Lies kryststikjes te meitsjen. Elk jier sjogge se der allegear wer nei út. De bedoeling is dat de 15 froulju kreatyf oan de slach gean mei it grien en de fersiersels. Mar it wichtichste is it bykletsen fansels.

Romantyk tusken de hinnen
Sikke Oostenbrug is al jierrenlang hinnekarmaster en hy kriget dêrby assistinsje fan de jonge faam Stefanie Kleef. Sy skriuwt alles foar him op wat er op te merken hat oer it bist yn syn hannen. Stefanie fokt ek hinnen en komt sels op har jierdei nei de keuring om te helpen. En dat is net samar, want Sikke en Stefanie kinne it hiel goed mei-inoar fine.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)