HEA! fan 15 april 2021 17:15

Wiepie Bosma is gek fan sc Hearrenfean. Sa stadich oan hat hy alles fan syn favorite klup by inoar sammele. Syn souder is ien en al pompeblêd. Hy is graach even yn syn miny-museum, mar noch leaver sit hy op de tribune by in echte wedstriid. Hy kin hast net wachtsje oant hy aanst mei syn maten wer nei it fuotbaljen kin.

Muzikant Wiebe Kaspers is syn hûs yn Jorwert oan it ferbouwen. Dêr hat hy no alle tiid foar, want konserten jaan mei syn band, dat wol net yn corona tiid. As hy even skoft hat, giet de klep fan de piano omheech en spilet hy in ferske. Hy kriget ynspiraasje fan it moaie útsjoch oer de fjilden by Jorwert.

In souder fol pompeblêden

Wiepie Bosma sammelet alles wat los en fêst sit fan syn favorite klup.

In daalders plakje

Wiebe Kaspers kriget ynspiraasje fan it útsjoch fan syn hûs.

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)