Hea! fan 15 april 2019 17:35

Mei har 13 jier is se no al Nederlânsk kampioene Kidsfitness. Maeve van der Veer fan De Lemmer die earder oan turnjen op topnivo, mar stapte begjin dit jier oer op Kidsfitness. En ek dêryn sit se wer by de bêsten. By Kidsfitness draait it net om de spierbondels, mar om akrobatyk, fleksibiliteit en úthâldingsfermogen. Maeve traint hast alle dagen yn de sportskoalle fan har trainer Jack Zwolle. Yn maaie docht se mei oan it EK Kidsfitness yn Servië. 

Yn de skûtsjeloads oan de Schilkampen yn Ljouwert is it allegearre drokte. Ferskate skûtsjes meitsje harren dêr op foar it nije sylseizoen. De mêsten wurde op set, de swurden te plak hongen en it túch fêstmakke. En de ferskillende bemanningen helpe elkoar dêr ek by. Sa kin der nei ôfrin gesellich in pilske meielkoar dronken wurde. 

Fitnessfamke Maeve

Maeve van der Veer fan De Lemmer is 13 jier en Nederlânsk kampioene Kidsfitness. 

Skûtsjeloads

Yn in loads oan de Schilkampen yn Ljouwert wurde ferskate skûtsjes klearmakke foar it nije sylseizoen. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)