Hea! fan 15 april 2015 18:20

Fan model nei hoefsmid... Naomi Weissenbach hat in soad by de ein hân. Doe't se 15 jier wie hat se meidien oan in modellewedstryd fan de Flair en hat tsien jier model west. Nei in kantoarbaan mei targets, aginda's en fergaderromtes fûn se it wol bêst. Se woe derút, nei bûten en pakte har bernedream op. Se keas foar de oplieding hoefsmid en op dit stuit binne al har dagen hiele goeie dagen.

Fruit, wc-potten, oanklaaide bisten. Men kin it sa gek net betinke of Jan Dantuma út Feanwâlden hat der in kaart fan. Mear as 1 miljoen âlde printbrievekaarten ferkeapet Jan in syn twaddehânsk boekwinkel. De kaarten wurde mar wat graach sammele troch minsken út it hiele lân. Want printbrievekaarten sammelje is no ienris ‘lykas ferealens, it oerkomt dy gewoan!’

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)