Hea! fan 14 oktober 2020 17:15

It is in leadswiere cross-fit oefening en dan ek noch 1000 kear yn in oere. De 22-jierrige Drachtster militêr Nicky Konijn sil in rekôrpoging 'chest to the ground burpee' dwaan. De oefening is in kombinaasje fan squatte, opdrukke en omheechspringe. Foar Nicky net allinne in fysike, mar ek in mentale útdaging.

Stuollen, bankjes of tafels sa't je dy yn Amearikaanske diners út de fifties seagen. Jan Richard Boers út Aldetrin makket se, en kin se sels yn mear as 200 kleuren leverje. Mar net allinnich makket hy de meubels út 'Grease' of 'Happy Days', ek yn syn hûs is it ien en al fyftiger jierren, mei fansels in grutte jukebox yn de wenkeamer.

Wrâldrekôr Chest to the ground burpee

De 22-jierrige Drachtster Nicky Konijn docht in rekôrpoging yn in hiele muoilike cross-fit oefening. 

Amerikaanske meubels

Jan Richard Boers út Aldetrine makket 'American diner'- meubels. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)