Hea! fan 14 novimber 2018 17:35

Bh's, ûnderbroekjes en nachthimden. Annemiek Hoogenberg (26) út Ljouwert makket se it leafst op maat. Linzjery, spesjaal foar dy iene frou. Mar...se tsjûnt ek de hearlikste gerjochten op tafel by Yndonesysk ythúske 'Club Satay'. Wêr leit har hert it meast?

Al fjirtich jier draaie de frijwilligers fan radioprogramma 'Geestelijk Boeket' fan Omrop Súdwest fersyknûmers fan wijde muzyk. Lieten út it lietboek foar de tsjerken of Johannes de Heer, mar ek Opwekkingsferskes. In soad fersykjes krije se net, mar as de útstjoering in kearke net trochgean kin, dan kinne se de stekker mar beter út de tillefoan lûke. 

Linzjerymakster yn de keuken

De iene helte fan de wike makket se linzjery op maat, de oare helte fan de wike wokt se garnalen en makket se pindasaus.

Muzikale blommen fan it 'Geestelijk Boeket'

Bakken fol muzykcd's stean alle wiken klear om draaid te wurden by it 'Geestelijk Boeket'.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)