Hea! fan 14 maart 2019 17:35

It is wer ris wat oars as kij, skiep of hynders: in kamiel yn it lân. Wim de Groot en syn bern hienen der wol sin oan. Frou Annet de Groot fûn it mar neat en wie it der net mei iens. Mar doe't se in kear net thús wie, waard der al gau in kamiel op Marktplaats fûn én kocht. Yntusken stapt Jappie op de Fryske klaai om. Mar hy wol net sa goed lústerje...

Wat dogge je at je as direkteur fan in súksesfol autobedriuw sa stadichoan in stapke werom dwaan moatte? Dan begjinne je in eigen museumke mei antike auto's. Piebe Haaima fan Wurdum makke yn it gebou dêr't it famyljebedriuw ea begûn in museum foar âlde Peugeot's. Hielendal yn Frânske sfearen, mei in 'boulangerie' en in Frânsk doarpsplein. 

De kamiel fan De Geast

By de famylje De Groot yn Rinsumageast stapt in kamiel op de pleats om. 

It Peugeot-museum

Piebe Haaima hat syn eigen Peugeot-museum yn Wurdum. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)