Hea! fan 14 maart 2017 17:35

Sûnt de krystdagen binne de leden fan de Friese Modelbaanclub dwaande mei de ferhuzing fan harren kluphûs út it sintrum fan Ljouwert nei in nije lokaasje op bedriuweterrein De Hemrik. In sekuer putsje, want der moat 1500 meter spoar en hiel wat treintsjes, beamkes en húskes ynpakt wurde. En op de nije lokaasje moat ek wol wat gebeure. De ferskillende mienings fan de leden fan de klup meitsje it der net altyd makliker op.
Yn Jan Wijbenga syn hûs yn Surhústerfean tikket altyd wat. Yn alle hoeken en gatten steane wekkers, mear as 1000. Wijbenga hellet se oeral wei, ek út it bûtenlân. En eins soe hy alle ferhalen dy't de wekkers fertelle kinne, wol witte wolle.

Friese Modelbaan Club

De frijwilligers fan de Friese modelbaanclub binne drok oan it ferhúzjen nei in nije lokaasje op bedriuweterrein de Hemrik yn Ljouwert. In flinke put, ek omdat de leden ferskillende mienings ha oer hoe't dat moat.

Wekkers

Jan Wijmenga fan Surhústerfean hat wol mear as 1000 wekkers yn 'e hûs stean. Mei allegearre harren eigen ferhaal.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)