Hea! fan 14 maart 2016 18:20

Der wurde bergen wurk ferset by bernebuorkerij Doniastate yn Stiens. By de 'NL Doet' dagen moasten de meiwurkers fan de Rabobank Ljouwert echt oan it wurk. Hiel wat oars as dat se normaal op in wurkdei dogge. Mei de meiwurkers fan Doniastate soargje se derfoar dat de bernebuorkerij wer hielendal klearmakke wurdt foar it nije seizoen.

En Hea! rûn op in moaie dei Jurre, Timo en Koen fan Raard tsjin it liif. Se ha in bal yn it wetter falle litten en soene se dy der wol wer útkrije?

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)