Hea! fan 14 maaie 2018 17:35

Rinke Kerstma (87) fan It Hearrenfean hat syn hiele libben dwaande west mei fariëtee. Ien fan syn acts wie Kareltje de búksprekpop. Doe't Rinke op syn santichste der as artyst Rinkini mei ophâlde, gie Kareltje nei it sirkusmuseum yn Stienwyk. Mar dat museum gie op'e flesse, en no is Kareltje wer werom by de man dy't him in stim jout.

Frou Pietersma himmelet de ruten fan de auto noch marris goed. Se moat nei it sikehûs om har man op te sykjen, mar sels rydt de tachtichjierrige eins noait auto. En dêrom wol se al goed sicht ha.

Rinkini en Kareltje

Rinkini (Rinke Kerstma) en syn búksprekpop Kareltje. 

Goeie Arum

Frou Pietersma makket de auto skjin foar in ritsje dêr't se net safolle sin oan hat....

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)